It nijs stiet der op it heden bol fan, kneppelfreed; it rjocht om ús eigen Fryske taal te brûken yn ‘e rjochtseal. De tryste útkomst is dat we no, 70 jier letter, gjin tolken mear beskikber ha om’t it regear de sinterij heger hat as de rjochten fan ús Friezen.
Mar hoe sit it mei it Frysk bûten de rjochtseal, yn ús deistich libben?
Oer it algemien binne wy as Friezen in folkje wat grutsk is op ús komôf. En dat jildt ek foar ús Fryske taal, de twadde rykstaal fan Nederlân. Mar hoe grutsk wy ek binne, sa út en troch wurdt der dochs wat beskamsum op ús moaie taal delsjoen. Krekt as soe it mindere wêze as it deftige Nederlânsk. En net allinne de ‘Hollanners’ dogge dat, nee, ek wy Friezen binne net sa stânfêstich as wy ússels foarhâlde wolle.
Wat dochstó bygelyks ast nei it gemeentehûs bellest of nei de bank? Begjinst yn it Frysk of yn it Nederlânsk? Of ast yn de winkel stiest? By de eigen bakker yn it doarp sit it wol goed mei it Frysk, mar ast yn in ûnbekend of grut plak earne oars yn Fryslân komst; wat dochst dan? De measte Friezen ferbrekke harren gau en begjinne fuortendaliks yn it Nederlânsk. Wêr is de grutskens op ús Fryske taal ynienen bleaun??
It is fansels net hielendal frjemd dat we soks dogge. It begjint al op de basisskoalle. Lang net alle juffen en masters binne it Frysk mear machtich. Ja, ferstean giet meast noch wol, mar prate is soms in hiel oe-heden. Dus… hiel de skoalle giet oer op it Nederlânsk en allinne yn it wyklikse oerke Fryske les wurdt de taal noch sprutsen. Ast gelok hast troch in echte Fryske juf of master. Yn it fuortset ûnderwiis is it sels noch slimmer en hearst oars net as Nederlânsk. En hoe heger it learnivo, hoe dreger it is om it Frysk in plak te jaan, liket it wol.
Ik wie in skoftke lyn op de diploma-útrikking fan ús âldste dochter. Se wie slagge foar vmbo kader (beropsrjochte ûnderwiis nivo 3). Der wurd wol ris wat delsjoen op bern dy’t net in heech teoretysk learnivo ha, mar wat ik dêr jûns seach die myn Fryske hert tige goed.
Dizze pubers; opslûpte jeugd, 16/17 jier âld. Se binne harsels. Oft se no foar in seal fol âlders en learkrêften steane of yn de kroech mei hun freonen. Op dizze jûn waarden se, lykas altyd, yn it Nederlânsk oansprutsen troch de learkrêften. Mar, ek lykas altyd: dizze jonges en fammen bleaunen trou oan harsels en harren taal: se praten Frysk werom. En net út balstjurrichheid of in hillich fjoer (dat hillich fjoer brânt op dy leeftiid foar fan alles, mar net foar de taal), mar om’t it Frysk past by wa’t se binne. Sy ferbrekke harren net om te foldwaan oan wat de maatskippij fynt of tinkt.
It Nederlânske briefke wat se foarlêze moasten waard yn ‘e gong wei yn it Frysk oersetten. Dizze jonges en famkes, klaaid yn sawol wurkskuon en sweater, as kreas yn ‘t pak of jurkje: se ferbrutsen harren net.
Dus lit se mar skowe, dizze Fryske jongerein mei hun kaderoplieding.
Se steane foar wa’t se binne: sý binne de takomst fan ús Fryske taal!