Header Corrie Kamminga

Kollum

Corrie Kamminga, tekstschrijver en vertaler

Nei de byb mei Eelke Lok

Tongersdeitemoarn 8 oere, ik blêderje noch efkes werom troch it boekje It each fan Eelke. Bij it ferhaaltsje ‘De byb’ moat ik opnij gnize oer de sjochwize fan Eelke oer dit ûnderwerp.

De iepeningssin is drekt in feest fan herkenning. ‘Ik bin fan de leeftyd dat jo alle woansdeitemiddeis fiif boeken yn it plestyk efter op de fyts ûnder snelbiners fêstsetten, en dan nei de biblioteek fytsten.’

No skele Eelke en ik aardich wat yn jierren, mar dochs is it moai dat ik net it iennichste bern bin dat froeger hast wykliks it hert ophelle yn de biblioteek.
Lykas Eelke gean ik trouwens ek net nei de ‘byb’. Hy gie nei de lêsseal. Mar ik bin wat jonger, dus ik gie nei de biblioteek. Mar byb? It wurd stiet my sels nei 40 jier noch hieltyd tsjin.

Ik wit noch goed dat ik yn myn jeugd sa’n bytsje om ‘e wike op woansdei, op it fytske stapte nei de biblioteek. Earst brocht ús mem my altyd mei de auto. Mar hoe better ik learde te lêzen, hoe rapper ik de boeken út hie en hoe faker ik nei de byb moast. Dêr krige ús mem it hinne en wer fan en ik ‘mocht’ fytse.

Yn myn basisskoalletiid stoppe de bibliobus om ‘e wike foar skoalle. Ik bin der ien kear yn west en wat ik tocht kloppe sekuer: suterich bytsje boeken en te min kar yn ûnderwerpen. Ik leau dat de bibliobus no net mear bestiet. Fuortbesunige.

Dat ik stapte regelmjittich yn it Stobbegat op de fyts om de tsien kilometer nei de Jouwer te traapjen. Dêr yn it gebou oan de Geart Knolwei mei de flier fan houten blokjes dy’t altyd wat beweechlik wie ast der oerhinne rûnst, koe ik my skoften fermeitsje. De boeken fan myn eigen leeftiid hie ik al rillegau út, dus ik stie faak foar de kasten mei de ‘grutte minsken’boeken. Fantasy, mystearjes, dat soarte guod. En dan it leafst sa dik mooglik, oars moast ik de oare wyks fuortendaliks wer dat ein út. Ienkear thús wie it: jas út, skuon út en dan mei it earste boek fuortkrûpe yn de noflike stoel fan ús heit.

Jierren letter waard it lêzen gâns minder troch ferkearing, lytse bern en myn wurk yn ‘e binnenfeart.
Ien kear wer oan ‘e wâl krigen we in ‘lytse byb’ op de basisskoalle fan ús bern. It frommeske fan de grutte biblioteek kaam elke wike del mei nije boeken en se holp mei ôfstimpeljen – noja, scanne fansels. It boekoanbod wie my mar min nei it sin (krekt as doe mei de bibliobus), mar ik koe nije boeken fia de kompjûter oanfreegje en de boekenmefrou naam se de oare wyks gewoan mei. Ideaal! Sa hoegde ik fanút Warns net hielendal nei Balk of Lemmer te kloatsekjen.

Mar fansels moast der opnij besunige wurde. De biblioteekmefrou kaam nog mar ien kear yn ‘e moanne, de bern moasten sels it ôfstimpeljen mar regelje en ast net ûnder de tolve wiest hiest der ek neat mear te sykjen.

Dus no toffelje ik wer ien kear yn de safolle tiid nei Balk om te strunen. Ik fyn it noch hieltyd hearlik om te dwaan en moat my ynhâlde om net mei stapels boeken thús te kommen. Mar de tiden binne feroare. As puber hie ik gjin ferplichtingen, tiid by it soad en de noflike stoel fan ús heit. No is it krekt oarsom: ferplichtingen by it soad, tiid te min en ek de stoel fan ús heit is fuortbesunige.

Dizze kollum diele?

0 0 stemmen
Artikel waardering
Abonneer
Laat het weten als er
guest
0 Reacties
Inline feedbacks
Bekijk alle reacties
Chat openen
1
Tekstschrijver nodig?
Hoi 🤩,
Fijn dat je mij een bericht stuurt. Kan ik je helpen met het schrijven van teksten? Laten we appen😊.
- Corrie -