Header Corrie Kamminga

Kollum

Corrie Kamminga, tekstschrijver en vertaler

Sûgje

Wapene mei stofsûger en in amer sjipsop geane buorfrou en ik de preekstoel en âlderlingbankjes van ús doarpstsjerke te liif. Botte ear fan ús wurk ha we op ’t heden lykwols net, dy oardel kop dy’t sneintemoarns yn de tsjerkebankjes delknibbelet makket it net smoarch. It leechrinnen fan de tsjerken, koroana, afijn, jim witte it wol.
Mar sels yn in tsjerke sûnder folk dy’t alle wiken himmele wurdt fynst soms de meast nijsgjirrige dingen. Sa ha we bygelyks wol ris in dea fûgeltsje fûn. It bistke sil wol fan de honger omkaam wêze.

No kinst by ús ek boppe sitte, al is dat net hielendal de bedoeling. It soe ris smoarch wurde kinne no? De iennichste dy’t dêr komt is de organist. En dêr, op it bankje nêst it oargel en kreas ferpakt yn in plestik pûdsje, fyn ik twa pipermuntsjes. ‘De protestantse cocaïne voor de gereformeerde junk’, aldus Stef Bos yn ien fan syn ferskes.

Wêr komt dat iten fan pipermuntsjes eins wei? In lytse syktocht op ynternet lit sjen: eins nimmen dy’t it echt wit. It wurdt wol al hiel lang dien, benammen yn de protestantske tsjerken. De katoliken ha pech, dêr is it dwersferkeard. Mar sy krije dan wer in hosty en in slok wyn ûnder de tsjinst, dat se ha neat te klaaien. Sa besjoen is in pipermuntsje mar in skraal alternatyf.

Froeger kaam it nochal krekt welk soart pipermunt ast yn ‘e bûse hiest. Bij de grifformearden stie der King op it roltsje, de herfoarmden hiene Faam en bij de oare protestanten wie it Wilhelmina. Hjoed de dei sit it hiele soadsje by inoar yn ien tsjerke, dus makket it neat mear út wat der út de tas tefoarskyn komt.

Oan it begjin fan de preek gie de rôle pipermunt it bankje mei tsjerkegongers bylâns. Tsjinwurdich mei de oardel meter wurdt soks al in stik lestiger en om no in muntsje út in rol te peuterjen dy’t krekt by noch acht oaren troch de hannen gien is… Hugo soe der net bliid mei wêze. It muntjse gie yn ‘e mûle en de preek koe begjinne. No moasten je fansels net kôchje en strochslokke, neehee: sûgje! Sa kaam de heilsume wurking fan it pipermunt goed ta syn rjocht en it soarge derfoar dast net yn sliep sukkeldest ûnder de oertinking fan de dûmny.

De ervaren tsjerkegongers wisten krekt wannear’t de preek op syn ein rûn. Yn de Faam-gemeentes wie dat nei seis muntjses, de King-oanhangers koene faaks mei trije ta om’t dy wat hurder wiene. Ast in bytjse in goeie sûger wiest koest de klok lyk sette op dit ‘wite horloazje’, aldus Maarten ’t Hart. Hy krige trije muntjes mei nei de preek, dus dan witst genôch.

Mar werom nei de pipermuntjses op it bankje by de organist. Der sieten mar twa yn it pûdsje en soks fyn ik dan nijsgjirrich hè? Wêrom twa? It kin fansels wêze dat de dûmny fan tsjinst koart en bondich preket, net sa frjemd yn in hast lege tsjerke. Wat der no oan tsjerkerinners komt is de hurde kearn. Nei in libben lang trou tsjerkje ha dy oan in heal wurd genôch, dus kinst avesearje. It kin ek wêze dat de eigener fan de pepermuntjses in tûke sûger is. Om mei twa pepermuntjes in preek fan trije út te sjongen, dan bist fan goeie komôf.

Spitichernôch wie net te sjen fan hokker merk de pepermuntjes wiene. Sa steande de Wilhelmina’s der bygelyks om bekend knoeterhurd te wêzen. Dêr kinst lang op omsobje. En ast fan boppen ôf sjochst dat der ien begjint te knikkeboljen yn it tsjerkebankje bytst it Wilhelmientje gau trochmidden. Is elts drekt wer by de les.

Dizze kollum diele?

0 0 stemmen
Artikel waardering
Abonneer
Laat het weten als er
guest
0 Reacties
Inline feedbacks
Bekijk alle reacties
Chat openen
1
Tekstschrijver nodig?
Hoi 🤩,
Fijn dat je mij een bericht stuurt. Kan ik je helpen met het schrijven van teksten? Laten we appen😊.
- Corrie -